Soad folk op Twarres-huldiging

01 nov 2000 - 13:15

It spontane doarpsfeest yn Wergea foar Twarres luts moandeitejûn in soad folk. Wergea is dúdlik grutsk op de prestaazje fan Mirjam & Johan, dy't no mei 'Wêr Bisto?' op it earste plak fan 'e Mega Top 100 en de Top 40 steane.

Ut Wergea en dan ek noch yn it Frysk op 1, dat wolle se wol witte dêr. Johan van der Veen en Mirjam Timmer hiene it drok mei it útdielen fan hantekens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)