Soad folk op ôfskie De Haan

14 des 2001 - 00:00

Hermien de Haan hat freed op it stedhâlderlik Hof nei 23 jier ôfskie nommen fan de gemeente Ljouwert. De Haan wie sân jier wethâlder. Sy moast koartlyn opstappe omdat se ferantwurdlik wie foar blunders mei gemeentlike belestingen.

De resepsje luts hûnderten amtners, bestjoerders en Ljouwerters. Foar De Haan is it in echt ôfskie; se docht net mei oan de ferkiezings fan takommend jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)