Soad folk op lêste trainingen

25 jan 2014 - 14:32
  • Sfear yn it Cambuurstadion by de lêste training....

De lêste trainingen by SC Cambuur en SC Hearrenfean binne sneon massaal besocht troch de fans. Yn Ljouwert kamen goed tûzen minsken nei it Cambuurstadion om de seleksje fan trainer Dwight Lodeweges oan te moedigjen. Ek op It Hearrenfean wie it drok, dêr kamen sa'n 500 supporters nei de lêste training fan de ploech fan trainer Marco van Basten.

Snein stiet om 12.30 oere de Fryske twastriid tusken Cambuur en Hearrenfean op it programma. Omrop Fryslân docht live ferslach op de radio en hat sneintejûn oandacht foar de wedstriid yn Hjoed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)