Soad folk op filmfestival

11 nov 2000 - 14:38

De belangstelling foar it Noordelijk Filmfestival is dit jier bysûnder grut. By de iepeningsfilm Billy Elliot wie de grutte seal fan 'e Harmonie ôfladen fol.

Kultuerwethâlder Brok sei yn syn iepeningstaspraak dat it festival ek stipe fan it ryk fertsjinnet. It Festival wurdt no subsidiearre troch Ljouwert, de provinsje Fryslân en ferskate sponsors. It filmfestival duorret fjouwer dagen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)