Soad folk op ekstra Kom yn kas

25 jun 2011 - 12:34

De tosken sette yn in lekkere soppige tomaat. It kin gewoan sûnder risiko's. Dat is it boadskip fan de ekstra ynlaste edysje fan Kom yn de Kas fan sneon.

Troch de Ehec-krisis hat it imago fan tomaten, komkommers en oare grienten in gnau krigen. Yn in tomatekas yn Bitgum stiene de doarren sneon wagewiid iepen om minsken dat te fertellen. En der stiene ek lekkere salades mei Bitgumer tomaten om fan te priuwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)