Soad folk op startersmerk

02 nov 2013 - 11:22
  • De yngong fan WTC Expo

Op de startersmerk yn Ljouwert wurdt sneon in rekôrtal besikers ferwachte. De startersmerk wurdt holden yn it WTC Expo en is organisearre troch de Keamer fan Keaphannel. Sa'n 850 begjinnende ûndernimmers hawwe har opjûn. Der wurdt ek rekken holden mei in protte minsken dy't spontaan komme. De reden foar de grutte belangstelling is dat troch de krisis in protte minsken deroer tinke foar harsels te begjinnen.

Op de startersmerk, dy't sneon om 10 oere begûn, wurdt foarljochting jûn oer ûndernimme en it meitsjen fan in bedriuwsplan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)