Soad folk by kursus Snekology

03 apr 2009 - 09:37

Se hiene de kursus wol fiif kear achterelkoar jaan kinnen, sa grut wie de belangstelling foar Snekology, de kursus oer de Snitser taal, skiednis en kulteur.

De kursus is in idee fan Henk van der Veer en Ömer Kaya. Sa wolle se de Snitsers helpe om mear fan harren eigen stêd te witten te kommen. Tongersdeitejûn wie de earste sesje oer de skiednis fan de stêd. Letter folgje ek noch de taal en de kultuer. Mei-inoar beslacht de kursus sân jûnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)