Soad folk by krystkuier

26 des 2003 - 00:00

It waar wie der net nei, mar de krystkuier by Bakkefean is freed in grut súkses wurden. Nettsjinsteande it suterige waar diene sa'n 1100 minsken mei oan de kuier. Se rûnen rûtes fan 5, 10 of 15 kilometer.

It wie freed de achtentweintichste kear dat de kuier holden waard. Der diene trijehûndert man mear mei as ferline jier. Allinne de earste kear dienen der noch mear minsken mei, tolvehûndert wiene it der doe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)