Soad folk by 'Jouw Kwartier'

21 okt 2012 - 09:16
  • Masterclass dûnsjen
  • Turnstad Sneek yn aksje
  • Bernemusykteaterkoar

De amateurkeunstdei fan Cultureel Kwartier Snits hat sneon dik 1500 minsken lutsen. Dat is folle mear as dêr't de organisaasje op rekkene hie. Dy wie útgien fan 500 besikers.

Amateurkeunstners koene har yn it nije teater yn Snits presenteare oan it publyk. Dat fariearre fan pop- en rockbands oant it bernekoar fan keunstesintrum Atrium. Der wiene ek worksjops en masterclasses fan bygelyks Fred Florusse, de oprjochter fan kabaretgroep Don Quishocking, en sjonger en skriuwer Jan Rot.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)