Soad folk by Alvestêdefeest

23 feb 2009 - 14:38
  • Piter Wilkens, Rients Gratama en Syb van der Ploeg; in muzikale reuny nei 9 jier

Alle alve Fryske stêden wurde dit jier ien dei omboud ta Alvestêde-feestpoadium. Sa kin elts it 100-jierrich jubileum fan de keninklike Alvestêdeferiening meifiere. Snein is it sirkus yn Snits útein set.

It feest wie ek in reuny fan de âlde formaasje fan Simmer 2000. Foar it earst yn 9 jier stiene De Kast, Maaike Schuurmans, Rients Gratama en Piter Wilkens wer mei-inoar op it poadium. Syb van der Ploeg wol dit jier alle moannen mei in nij ferske komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)