Soad folk by Academy Noord

30 mrt 2011 - 13:29

De earste byienkomst fan 'e ynternet Academy Noord yn WTC Expo yn Ljouwert luts woansdei in soad publyk. David Nieborg, social media-adviseur fan Barack Obama, wie de meast opfallende sprekker. Nieborg wie nau belutsen by de demokratyske ferkiezingskampanje fan Obama.

Academy Noord is in inisjatyf fan in pear Fryske IT-bedriuwen. Leden kinne in 'stoel' keapje foar in lytse 500 euro en dêrfoar meidwaan oan seminars en workshops yn Gameship Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)