Soad fjoerwurk besteld

26 des 2003 - 00:00

Minsken besunigje dit jier net op fjoerwurk. Dat seit alteast fjoerwurkgruthannel Schuurmans út Ljouwert. It bedriuw hat it dizze wike smoardrok mei it leverjen fan bestellings oan 500 lanlike ferkeapers.

Schuurmans is tefreden oer it tal bestellings fan fjoerwurkhannelers. Takom jier kin Schuurmans noch mar leverje oan trijehûndert hannelers. Om't de regels stranger wurde, hâlde in soad der mei op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)