Soad finansjele stipe frege foar sport en kultuer foar bern

21 apr 2016 - 12:06
  • Swimmende bern

It Jeugdsportfonds en it Jeugdcultuurfonds yn Fryslân hawwe oant no ta al hûnderten oanfragen foar finansjele stipe binnen krigen. It Jeugdsportfonds Fryslân hat 530 oanfragen goedkard, by it Jeugdcultuurfonds Fryslân binne dat der 110.

It doel is dat dit jier 2300 bern stipe krije fan it Jeugdsportfonds, wylst it Jeugdcultuurfonds 600 bern stypje wol. Ferline jier koene 1500 bern sporte mei help fan it fûns en sa'n 400 koene kultuer belibje troch de stipe.

De beide fûnsen binne bedoeld foar bern dy't om finansjele redenen net sporte kinne of bygelyks gjin kultuerles folgje kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)