Soad ferkearsenkêtes Wommels

20 nov 2009 - 14:53
  • Drokte yn de buorren fan Wommels

De ynwenners fan Wommels ha massaal de ferkearsenkête ynfold. Twa wike lyn ha alle tûzen adressen yn Wommels in enkête yn de bus krigen en dêrfan binne 450 ynfold. Dat jout de gemeente in betrouber byld fan wat de ynwenners fan de ferkearssituaasje fine.

De útkomsten moatte meihelpe om in oplossing te finen foar de problemen dy't der binne mei it trochgeande ferkear. Op 17 desimber sille de útkomsten fan de enkête oan it doarp presintearre wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)