Soad ferkearsboetes op Skylge

23 jun 2008 - 09:54

De plysje hat fan tongersdei oant en mei snein alle nachten tsientallen boetes útskreaun op Skylge. By de snelheidskontrôles wiene alle boetes foar bewenners fan it eilân; 13 bestjoerders rieden te hurd. Op de Hoofdweg tusken Halfweg en West-Skylge ried in bewenster 87 kilometer yn ´e oere, wylst dêr mar 50 tastien is.

By alkoholkontrôles krigen fjouwer bestjoerders in boete. In bûtenlânske bestjoerder moast 600 euro betelje om syn rydbewiis werom te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)