Soad fariaasje Tour de France

24 okt 2012 - 15:43
  • Bauke Mollema

De hûnderste edysje fan de Tour de France sil takom jier in fariearjende wedstriid opsmite. Dat ferwachtet proffytser Bauke Mollema fan Ljouwert. De Tour de France begjint mei trije etappes op Korsika. Der is gjin prolooch, mar wol in ploegetiidrit, in flakke tiidrit en in rit tsjin de klok yn de bergen.

Omdat pas oan de ein fjouwer berchetappes yn de Alpen binne, ferwachtet Mollema in soad stress yn it peloton yn de earste dagen. Lieuwe Westra fan De Tynje tinkt dat ek. Hy hie der ek noch wol in flakke tiidrit by hawwe wollen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)