Soad falpartijen troch glêdens

05 jan 2010 - 22:15
  • De sikehuzen hiene it smoardrok mei it behanneljen fan fallen minsken

De Fryske sikehuzen hawwe it tiisdeitejûn harstikke drok hân mei it behanneljen fan minsken dy't fallen wiene op de glêde diken. Benammen fytsers giene op de glêde strjitten massaal ûnderút. De measte minsken rûnen fraktueren op oan de pols, it ankel en de heup.

It wie hjir en dêr sa drok dat minsken bytiden mear as twa oeren wachtsje moasten foardat se holpen wurde koene. Se krigen dan earst wol wat tsjin de pine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)