Soad falliseminten yn 2009

04 jul 2009 - 14:47

De earste seis moanne fan 2009 binne der twa kear safolle bedriuwen fallyt gien as yn deselde perioade ferline jier. 90 bedriuwen moasten nei de rjochtbank om it fallisemint oan te freegjen. De klappen falle benammen by jonge bedriuwen yn de tsjinstferlinende sektor. Ek fabriken en boubedriuwen ha it swier.

Dat docht bliken út ûndersyk fan buro Dun & Bradstreet. Fryslân skoart gemiddeld yn it ûndersyk. Yn Grinslân en Gelderlân wie de stiging it grutst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)