Soad fakatueres by callcenters

14 des 2004 - 11:30

De callcenters yn Fryslân krije har fakatueres net ynfuld. Minsken witte net wat it wurk ynhâldt. Dêrtroch ha wurkleazen faak gjin ynteresse yn in baan by in callcenter. Der binne tusken de 50 en 100 fakatueres by de ferskate callcenters yn de provinsje dy't net ynfuld wurde kinne.

It CWI yn Ljouwert hâldt tongersdei in spesjale foarljochtingsjûn. Dêroan dogge ferskate callcenters mei, ûnder oaren dy fan de Postbank en de Nuon.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)