Soad drokte op Keninginnedei

30 apr 2007 - 16:09
  • Frijmerk yn Snits
  • Drokte op Keninginnedei yn Ljouwert

Rûnom yn Fryslân wiene moandei aktiviteiten yn it ramt fan Keninginnedei. Yn in soad plakken waard de tradisjonele frijmerk holden.

Yn guon plakken begûn de dei mei de aubade en wiene der fierder spultsjes foar de bern. Muzyk waard der ek in soad makke. Jûns wurde noch inkele konserten jûn. Troch it moaie waar wiene der 10 tûzenen minsken op 'n paad. Yn Ljouwert gie it om sa'n 40.000 besikers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)