Soad drokte by fôlekeuring

29 aug 2014 - 18:31

Yn it Frysk Kongressintrum yn Drachten waard freed foar de trjettjinde kear de Starsale fôle-feiling organisearre. Mar leafst 66 selektearre fôlen giene ûnder de hammer, mar pas neidat se earst troch in strange keuring kamen.

By de keuring wurdt letten op hoe't de fôlen harren bewege en oft se geskikt binne foar de hynstesport. Neist keapers út Nederlân, Dútslân, Ingelân en Koeweit dy't by de feiling oanwêzich wiene, waard der ek fia ynternet meibean op de jonge hynders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)