Soad drokte foar strânwachten

25 jul 2013 - 16:32

Rêdingstsjinsten warskôgje swimmers foar de gefaren fan swimmen yn see. Ferriederlike streamen kinne swimmers samar meilûke. Moandei ferdronk op Skylge in 33-jierrige man út Utert nei't er yn in mui telâne kaam. De rêdingstsjinsten op it eilân binne bot oandien troch it ûngelok. De lifeguards ha dêrom ek slachtofferhelp oanbean krigen.

De lifeguards fan de KNRM binne alle dagen fan tsien oant seis oere op it strân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)