Soad drokte foar Hannemahuis

17 okt 2008 - 18:57

It hat noch nea sa drok west yn museum Het Hannemahuis yn Harns as de ôfrûne fjouwer wiken. Der ha 2500 minsken west, wylst der normaal sprutsen mar 400 besikers yn in moanne komme.

Dit hat te krijen mei de ferbouwing fan it museum. It Hannemahuis hat in jier ticht west en is foar 1.6 miljoen euro ferboud. Der is in nije eksposysjeromte kaam, in depot en in fergaderromte en der binne tal fan technyske snufkes pleatst. Alles om it publyk better te ynformearjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)