Soad diskusje oer weryndieling

15 mrt 2011 - 21:12

It rapport fan de kommisje fan wize mannen oer de weryndieling liedt ta in soad diskusje ûnder bestjoerders. De earste reaksjes lizze bot útinoar.

B&W fan Opsterlân, dat opheft wurde soe, steurt him oan de grûnhonger fan de buorlju. Ek min te sprekken binne se yn Kollumerlân. Dêr fiele se harren net serieus naam, omdat der mei gjin wurd praat wurdt oer de gearwurking mei Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen Ek is der ûnfrede op De Jouwer, dat moat grûn ôfstean oan Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)