Soad dielnimmers Boot Holland

09 nov 2004 - 14:14

By Boot Holland yn it FEC yn Ljouwert stiet yn febrewaris in rekord oan eksposanten. De wettersportbeurs hat al 330 dielnimmers. Dêrmei sit de beurs eins al fol. Noch 30 bedriuwen steane op de wachtlist en der soenen nochris 20 oant 30 oaren bykomme kinne.

Boot Holland wol elkenien in plak jaan. Mooglik komt der in tinte by it FEC. Der wurdt wurke oan de bou fan in nije hal. As de tydlike hal derby komt, hat Boot Holland goed 30.000 kante meter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)