Soad deade fûgels op it waad

19 feb 2001 - 17:31

Der binne de ôfrûne dagen hûnderten deade eidereinen oanspield op 'e waadkust. Foaral by Harns, Skylge en Flylân komme in soad deade fûgels foar. De fûgels geane neffens De Fûgelpits yn Anjum dea omdat se in parasyt yn 'e maach ha.

De Fûgelpits yn Anjum ferwachtet dat der de kommende dagen noch mear deade fûgels oanspiele sille omdat de wyn út it Noarden komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)