Soad brannen yn Fryslân

17 des 2006 - 09:09

Op ferskate plakken hat yn de nacht fan sneon op snein brân west yn Fryslân. By Sondel baarnde in pleats oan de Delbuursterwei hielendal ôf. In pleats in pear 100 meter fierderop yn Wikel, waard ek troffen troch in brân.

Meldingen fan wenningbrannen kamen ûnderoaren út Skearnegoutum, Wolvegea en Rinsumageast. Yn dat lêste plak wie de bank yn in hûs oan de Boersmastrjitte yn de brân rekke troch in sigret.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)