Soad bouplakken ûnfeilich

04 aug 2004 - 17:06

In soad bouplakken yn it Noarden binne ûnfeilich. Dat docht bliken út in ûndersyk fan de arbeidsynspeksje. Fan de 74 ûndersochte bouplakken yn Fryslân, Grinslân, Drinte en de kop fan Oerisel binne 93 oertredings konstatearre.

It grutste part fan de oertredings hie te krijen mei it risiko om te fallen. De bedriuwen ha in boete of in warskôging krigen. Elk jier komme sa'n 20 boufakkers om it libben troch in fal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)