Soad bonnen by ferkearskontrôle

08 sep 2006 - 14:25

De plysje hat by in grutte ferkearskontrôle yn Ljouwert ien op de fjouwer autobestjoerders op de bon slingere. De measte minsken krigen in bekeuring om't se har rydbewiis of kentekenbewiis net by har hiene.

Mar der waarden ek bonnen útdield oan minsken dy't yn de auto sieten te beljen, of dy't de rym net omhiene. De plysje warskôget de minsken tsjintwurdich net mear. Se krije fuort in bon as der wat net yn oarder is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)