Soad boetes by ferkearskontrôle

22 apr 2004 - 00:00

By in grutte ferkearskontrôle yn Snits en Boalsert binne woansdei mei-inoar 102 bekeurings útskreaun. Tolve plysjeminsken hawwe op ferskate plakken kontrolearre op de Lemmerwei, de Oppenhuzerwei en de Worp Tjaardawei yn Snits en op de Snitserwei yn Boalsert.

De measte boetes wiene foar minsken dy't de gordel net omhiene. Fierdere oertredingen wiene ûnder oaren foar te hurd riden, net handsfree mobyl beljen en gjin jildige APK.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)