Soad boekings op It Amelân

08 apr 2009 - 15:36

Alle fakânsjehúskes, kampings en hotels op It Amelân sitte foar de kommende simmer no al hast fol. En dat is folle earder as oare jierren.

Neffens direkteur Roelof Keunst fan de Amelanner VVV hat it te krijen mei de kredytkrisis. Minsken kieze no earder foar in koarte fakânsje op ien fan de eilannen as in fiere reis nei it bûtenlân. Ek foar de peaskedagen sjocht it der tige goed út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)