Soad Boalserters sette namme foar selsstannich Omrop Fryslân

02 okt 2015 - 11:59
  • Bollen binne wer wolkom op Bolletongersdei yn Boalsert

In aksje fan it bestjoer fan FNP Súdwest-Fryslân hat tongersdei op Bolletongersdei yn Boalsert 400 hantekeningen foar in selsstannich Omrop Fryslân opsmiten. Neffens bestjoerslid Tineke Algra stie der hieltiid in rige minsken by it diske en moasten der ek hieltiid formulieren byprinte wurde.

It pakket brieven is rjochte oan steatssiktaris Sander Dekker fan media en is ûndertusken ûnderweis nei Den Haach.

Yn it brief stiet ûnder oare de folgjende tekst: “Jo binne ferantwurdlik foar in goeie takomst fan de kultuer yn hiel Nederlân. In selsstannige Frysktalige Omrop Fryslân mei in folweardich media-oanbod is hjirfoar ûnmisber. Omrop Fryslân moat bliuwe en dêr moatte jo foar soargje, omdat dát jo wurk is."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)