Soad biblioteken ticht

08 mrt 2013 - 17:15
  • Bibleteekboeken

Troch besunigings gean de iepenbiere biblioteken fan Stiens en Dronryp en njoggentjin lytse bybs yn Noardwest-Fryslân op termyn ticht. Dat stiet yn in takomstplan fan de stifting Iepenbiere Biblioteken Noardwest-Fryslân.

It plan is makke yn opdracht fan de gemeenten Harns, Frjentsjersteradiel, It Bilt, Menameradiel, Ljouwerteradiel, Skylge en Flylân. Allinnich de biblioteken yn Harns, Frjentsjer en Sint Anne bliuwe bestean. Yn de doarpen wurdt in biblioteek yn skoallen ynrjochte.

Foar folwoeksenen dy't net sels nei ien fan de trije biblioteken ta kinne, wurdt tocht oan it oprjochtsjen fan in delbringtsjinst mei frijwilligers. De gemeenterieden moatte noch wol te set oer it besunigingsplan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)