Soad beswieren tsjin UMTS-mêst

03 nov 2006 - 11:11

De gemeente Dongeradiel hat 542 ôfsûnderlike beswierskriften tsjin it pleatsen fan in UMTS-mêst krigen. Ek ha se 213 protesttekeningen krigen fan basisskoalle-bern. Vodafone wol de antenne bouwe oan de Veiling yn Dokkum.

De riedskommisje sil har yn de folgjende gearkomste bûgje oer de oanfraach fan de bou fan de antenne. De bewenners fan de wyk binne benaud foar sûnensrisiko's. Undersiken nei de gefolgen fan de strieling rinne út ien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)