Soad besikers tsiisbuorkerij

18 okt 2008 - 15:09

Der wiene sneon folle mear minsken op de iepen dei fan tsiisbuorkerij De Gelder yn De Tynje as ferwachte. Der kamen wol 6000 minsken op it evenemint ôf. Der stie sneontemiddei sels in file op de dyk nei de tsiisbuorkerij ta.

Fjouwer jier lyn waard der ek in iepen dei holden. Dy luts doe sa'n 2000 minsken. De tsiisbuorkerij tinkt dat it wurk op de buorkerij noch hieltyd populêr is en dêrom mear en mear minsken lûkt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)