Soad besikers Princessehof

29 des 2009 - 17:07

De Ljouwerter musea hawwe in goed jier achter de rêch. By keramykmuseum Princessehof hawwe hast 40.000 besikers west. Dat is 60 persint mear as ferline jier. It wie foaral de tentoanstelling Scherven & Geluk mei houliksservizen dy't in soad folk nei it museum luts.

Oar jier is der keninklik keramyk yn it Princessehof te sjen. Omdat keninginne Beatrix 30 jier op de troan sit stelt Princessehof in eksposysje ûnder de namme Oranjegoed gear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)