Soad besikers Krûdhof

20 maaie 2014 - 18:41
  • NL Doet Krûdhof

It moaie waar fan it ôfrûne wykein hat soarge foar drokke dagen by de botanyske tún De Krûdhof yn Bûtenpost. Om't in protte fan de besikers fan de tún út de omjouwing komme moat de Krûdhof it hawwe fan moaie dagen yn de maaitiid en yn de hjerst. De Krûdhof hopet dit jier op in nij besikersrekôr fan 20 tûzen besikers út te kommen. Tagelyk wurdt der mei de gemeente sjoen hoe't der in noch grutter ferskaat oan publyk lutsen wurde kin. In oantal jier lyn is in boarterstún opset om minsken mei bern te lûken, dit wurket goed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)