Soad besikers iepenloftswimbaden

25 jul 2003 - 00:00

De iepenloftswimbaden yn Fryslân hawwe it dit jier drokker as ferline jier troch it moaie waar. Dat docht bliken út in stekproef ûnder fjouwer iepenloftbaden. Sawol fan Nij Beets as Grou út wurde mear besikers melden.

Ek it iepenloftbad yn Bakkefean meldt tûzenen ekstra besikers. En dat is ek net oars by it swimbad fan rekreaasjepark Schatzenburg yn Menaam. Der is lykwols noch gjin sprake fan in topjier: it waar kin noch minder wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)