Soad besikers foar stoomwykein

22 apr 2007 - 17:33
  • Stokers foar de stoomtrein (foto: JRF/Jaring Rispens)

It Stoomwykein hat dit wykein mear as 60.000 besikers lutsen. Dat binne der hast 10.000 mear as ferline jier. Dit wykein rieden der trije kear deis stoomtreinen op it trajekt fan Snits nei Starum. Ek wie der snein in rit mei in dinertrein.

Mei inoar ha hast 2700 minsken in ritsje mei de âlde trein makke. Opfallend is it tal minsken dat har oanmelden ha as donateur fan it stoomtreinmuseum. Dat wiene der 300.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)