Soad besikers foar frijmerk

01 maaie 2004 - 00:00

De tradisjonele frijmerk yn Ljouwert hat freed mear besikers lutsen as ferline jier. Dat is de ynskatting fan de organisaasje.

De frijmerk wie dit jier net op de fêste plakken lykas Saailân en Nijstêd. Om't de gemeente de freedsmerk op it Saailân hâlde woe, waarden de aktiviteiten op Keninginnedei ferpleatst nei de Grienewei en it Aldehoustertsjerkhôf. Dy nije lokaasjes binne ek foar takom jier yn byld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)