Soad besikers ferwachte by riedsgearkomste oer azc Balk

26 aug 2015 - 15:48

De gemeente De Fryske Marren hâldt rekken mei flinke tarin by de riedsgearkomste woansdeitejûn. Dan wurdt in definityf beslút naam oer in asylsikersintrum yn Balk oan de Wikelerdyk. It opfangsintrum moat ûnderdak jaan oan 500 asylsikers en moat der maksimaal fiif jier stean.

In grutte groep tsjinstanners bea earder in petysje oan. Se binne benaud foar oerlêst en pleitsje foar in oare lokaasje yn it doarp. Ek wolle se in lytsere opfang foar 300 asylsikers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)