Soad besikers ferwachte by Animal Inside Out

04 okt 2015 - 13:52

Natuurmuseum Fryslân ferwachtet de kommende moannen tusken de 40.000 en 50.000 besikers op de útstalling Animal Inside Out. De earsten stiene fan de wike al foar de doar, wylst de tentoanstelling doe noch net iepen wie.

Tal fan bisten binne yn Ljouwert letterlik ûnder de hûd te sjen. Op de eksposysje steane ferstoarne bisten dy't sa konservearre binne dat bonken, spieren en bloedfetten te sjen binne. It museum hat de lanlike primeur. It koste twa ton om de tentoanstelling nei Ljouwert te heljen, in kaartsje is ek wat djoerder.

Yn it earste wykein hienen al 1.200 entûsjaste besikers west. Animal Inside Out is noch oant 3 jannewaris te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)