Soad besikers berne-buorkerijen

05 okt 2003 - 00:00

De Fryske bernebuorkerijen hawwe de ôfrûne simmer folle mear besikers lutsen as yn 2002. Dat seit koördinator Bergsma fan 'e bernebuorkerijen fan Talant. Bergsma ferklearret de taname út de minne ekonomy. Neffens him binne minsken op syk nei goedkeapere foarmen fan ferdivedaasje.

Allinnich bernebuorkerij It Bûthûs yn Snits luts minder minsken. Troch de ekstra ynkomsten kin Talant ynvestearje yn 'e bernebuorkerijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)