Soad berôvings âlde minsken

26 mrt 2013 - 12:18

De plysje krijt de lêste dagen in protte meldings fan berôvings fan âldere minsken yn it Noarden fan Nederlân. De wurkwize fan de dieders is faak deselde. De slachtoffers wurde op strjitte oansprutsen. De dieders freegje om bygelyks it paad nei it sikehûs. As it slachtoffer dat jûn hat, fleane se it slachtoffer om 'e hals om te betankjen. Yntusken wurde de sieraden losmakke en meinaam.

Moandei waard in 85-jierrige frou op It Hearrenfean noch slachtoffer fan sa'n berôving.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)