Soad belangstelling Gondelfeart

24 sep 2000 - 15:12

De Gondelfeart yn Droegeham luts freedtejûn 8000 beteljende taskôgers. Foar de 31e optocht op tsjillen wienen tsien weinen mei blombollen optúgd.

In faksjuery en in publykssjuery beoardielje de keunstwurken dy't om in tema hinne makke binne. Dracula krige de earste priis en Hannibal mei de oaljefant wie publyksfavoryt. De parade makke sneontejûn noch in gong troch it doarp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)