Soad belangstelling foar iepen monumintedei yn Fryslân

13 sep 2015 - 09:18
  • De bûtenkant fan it nije gebou

De iepen monumintedei hat sneon rûnom yn de provinsje in soad minsken lutsen. Yn Frjentsjer kaam in protte folk ôf op de iepenstelling fan Grut Lankum, dat omboud is ta wenkompleks. Sa'n hûndert minsken beseagen de renovearre teekoepel oan de Harlingerwei. Yn Snits kamen in soad minsken yn de Ayasofya Moskee dêr't se yn de kunde komme koene mei de Turkske kultuer. Yn Wâldsein wie in ekstra útwreide programma, mei iepen monuminten en in soad muzyk. Dêr wie ûnder oare de houtseachmûne iepen foar pubyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)