Soad belangstelling foar Cash

15 feb 2013 - 14:35
  • Ivo Poelsma spilet de haadrol yn 'Cash'
  • De Fryske June en Johnny

Der is bysûnder grutte belangstelling foar it muzykteaterstik Cash fan amateurtoanielferiening 'It moat kinne' fan Broeksterwâld/De Falom. De oarspronklike fjouwer foarstellings fan it stik oer it libben fan de Amerikaanske sjonger Johnny Cash wiene al nei trije dagen útferkocht.

Yntusken hat de feriening al fjouwer ekstra jûnen pland. 'Cash' wurdt opfierd yn it koartlyn hielendal ferboude doarpshûs De Pipegael fan Broeksterwâld. De premjêre is op freed 1 maart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)