Soad belangstelling EU-debat

08 maaie 2014 - 22:30
  • It EU-debat luts goed 120 minsken nei It Hearrenfean
  • De trekker fan VVD-kandidaat Jan Huitema
  • De seal siet fol by it EU-ferkiezingsdebat

De Nederlânske Europarlemintariërs moatte de kommende jierren mear omtinken jaan oan it Frysk en oan de takomst fan de lânbou. Dat binne twa fan de saken dy't tongersdei nei foaren kamen op it noardlike EU-debat.

Acht kandidaten foar it Europeesk Parlemint giene yn it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean mei-inoar yn diskusje oer saken as it Europeeske lânbou- en it kultuerbelied. De measte kandidaten binne foar nij lânboubelied dat better oanslút by de praktyk. Se wiene it der ek oer iens dat minderheidstalen mear omtinken fertsjinje.

Goed 120 minsken kamen úteinliks op it debat ôf. VVD-kandidaat Jan Huitema fan Makkingea wie op de trekker nei it debat riden. Hy stiet op in yn prinsipe ûnferkiesber achtste plak, mar is dwaande mei in foarkarsaksje. Hy wol graach lid wurde fan de belangrike lânboukommisje yn it Europeesk Parlemint. De ôfrûne perioade siet dêr net ien Nederlanner yn. By in sektor dy't sa wichtich is foar de ekonomy kin dat net, seit Huitema. Hy wol, as er keazen wurdt, ek lid wurde fan de 'intergroep' fan Europarlemintariërs dy't opkomme foar minderheidstalen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)