Soad bekeurings Lindecollege

02 des 2009 - 10:10

De plysje en it Lindecollege pakke ûnfeilich fytsgedrach fan skoalbern oan. By de plysje komme in soad klachten oer skoalbern dy't de rotonde op de Drafsportleane tsjin de rydrjochting yn nimme. Oar ferkear rekket dêrfan yn de war.

By kontrôles troch de plysje binne de lèste wiken 28 bekeurings útdield oan skoalbern dy't de rotonde net goed oerstekke. Yn de lessen sil oandacht besteed wurde oan gefaarlik gedrach yn it ferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)