Soad bekeurings by kontrôles

11 apr 2013 - 12:04
  • Flitskontrôle

De plysje hat woansdei op fiif plakken yn de provinsje meielkoar goed 5000 auto's kontrolearre op de snelheid. In lytse 500 automobilisten krigen in bekeuring foar te hurd riden. De kontrôles wiene yn Terwispel, op De Gerdyk, by Sint Jut en op De Lemmer.

De measte oertreders waarden betrape op De Streek yn Terwispel, dêr rieden 93 fan de 156 auto's hurder as de tastiene 30 kilometer yn de oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)